In net sa'n ferneamde held
… And what is yóur claim to fame?,’ frege Larry my ûnferwachts, wylst wy nei in gearkomste fan ús team mei de professor ûnder happy hour yn de ús fertroude bar sieten. ‘All drinks -your pick’-, foar mar ien dollar, dat wiene nochris tiden. Tiid en plak: tusken fjouwer en fiif op in waarme freedtemiddei yn maaie 1982, downtown Plattsburgh, upstate New York. Ik ferslokte my yn myn topshelf whisky: fame, ikke?