Wat sykje wy yn 'e eagen fan ferstoarne famyljeleden? Hoefolle leed of minsklikheid se ûnderfûn hawwe, of wa’t se wiene en hoe’t wy har weromkenne wolle? Wolle wy ‘in oantinken út de siel van dy minsken’ fine, miskien yn in besykjen om foar eigen hâldfêst sinnige antwurden te krijen? Of is it mear om ús eigen wissichheden feilich te stellen? Nuver net, dat sokke fragen oer doetiids mear belang en betsjutting krije al nei’t wy âlder wurde. Blykber hawwe wy tsjintwurdich mear of faker ankers nedich yn it libben. Of piketpealtsjes, op ús hieltyd kronkeliger en diziger paadsje oan it ein fan ús libben foar de dea út. Beppe har libbensmotto wie dat se harsels it bêste mar wat dom hâlde koe, yn 'e oertsjûging dat se sa it fierst yn it libben komme soe. Alteast, sa hat se it my in kear ferteld, ferpakt as goed bedoelde rie. Ik snapte der neat fan. Jier of santjin moat ik doe west hawwe, ik tocht yn myn adolessinte healwizichheid te witten dat it selsbewust útdragen fan kennis en wissichheid in better doel wie as it te keap rinnen mei eigen ûnnoazelens.
Mar wêrom soe se eins net gelyk ha, en net allinnich út har eigen eachweid wei? It is in bekend psychologysk meganisme om dy te war te stellen troch in persoanlike swakheid by tiid en wile wat te oerdriuwen of der in bytsje mei te kokettearjen, om sa út miskien begrutsjen mear of faker stipe fan oaren te krijen. Dêr kinst dyn foardiel mei dwaan, foaral ast net al te folle selsbetrouwen hast yn kombinaasje mei in allergy foar eigenwize betterwitters en pedante lûdroppers. Beppe hie wol safolle snoadens datst har net gau ferrifelje koest. Se wist wêr’t Abraham de moster helle, dat wist se al lang foar’t se oan it kreamheinen wie. Wat har akkefytsjes yn de besettingstiid oanbelanget, soest op YouTube de wat amateuristyske dokumintêre út 2005 ûnder de namme “Een Dijk aan de Muur” nochris besjen kinne. Dan hearst omke Lomme op syn Bokwerters sizzen dat ‘je niks ha oan de hiele oarloch, sa besie ik it. En je ha goede Duitsers en hoe zeg je het ferkeerde Duitsers...” Mar it ferhaal fan beppe op har fyts oer de ôfslútdyk komt aardich yn byld. Yn kreas neimakke sepiakleuren en de ûnûntkombere byhearrend filmyske ljedders.
Doe’t ik ris allinnich by beppe en oom August yn Emden útfanhûs wie - yn de tiid fan de earste moannelanning yn 1969 – kaam de foarsitter fan de CSU, Franz Jozef Strauβ op de televyzje en doe waard Oom August ynienen dochs wol sa freeslik lilk op dy keardel! Sa hie ik him noch nea meimakke. Dat wie yn syn eagen no in typysk foarbyld fan in ‘ferkearde’ Dútser dus. It wie as hie hy dy Strauβ persoanlik kend. Op dat stuit wie ik op grûn fan ûntjouwend maatskiplik bewustwêzen der ek teoretysk hûndert persint wis fan dat it mei de politike ‘wokeness’ fan oom August echt wol goed sitten hat.
Lomme
Reactie plaatsen
Reacties