Nei jierren fan ûnderfining ha’k leard dat ik it bêste strike kin as ik op ’e soudersliepkeamer allinnich bin, mei genôch tiid om ’e hannen, myn eigen muzyk op ’e eftergrûn en waarme sinnestrielen dy’t myn hannen yn folsleine loksilligens faasje en rjochting jout. Earst myn oerhimden en, sa’t ik fan Beppe Dútslân leard ha, te begjinnen mei de kraach, dan de mouwen om dêrnei tusken de knoopkes troch de ûnderkant glêd te striken, dat in pear dagen by de broek yn wat it krûkeljen oangiet it meast te lijen hân hat.
Altyd hie ik in goedkeape platespiler op in planke efter my stean, dêr’t ik sa’n bytsje mei beide kanten fan ien LP de hiele strykbeurt mei opfleurje koe, mar dat ding hat net lang lyn finaal de geast jûn. Einst kaam dat no ek wer net bysûnder ûngelegen, want alle kearen wer Jasperina de Jong, Herman van Veen en Irolt waard op it lêst in bytsje ferfeelsum. No’t de hiele steapel LP’s nei de omrinwinkel brocht is wurdt it tiid foar in nije faze yn myn sneontemoarnske Zenbelibbing: strike 2.0 mei kassettebantsjes.
Foar santich euro ha ik no in Radio-CD-USB-Kassette spiler yn net te min stereokwaliteit op earhichte efter my stean en kin ik nei mear as fyftich jier harkje nei it earste muzyk dat ik, jongknaap noch fan sechtsjin, santsjin jier, op sneontejûn mei dyn bânrekorder streekrjocht fan ’e radio opnommen ha op myn eigenst spoeltsje. Letter moat ik dat oersetten ha op in kassettebantsje, mar sûnder ynhâldsopjefte. Op it kassettedoaske stiet inkeld ‘Lomme’s âldste I’, mar gjin flau benul wat der op stie. No, ik kin dy fertelle, der is op myn twaensantichste in wrâld fan bitterswiete nostalgy foar my iepen gean.
Sa’t de bern my leard hawwe, kin ik mei myn mobyltsje en de fraach ‘welk liedje is dit’ al nei in pear sekonden Google titel en artyst oproppe litte. Ik ha dan ek de earste sneon twa kear sa lang dien oer de kragen en de mouwen en de ûndereinen fan alle oerhimden. Wie it de muoite wurdich, hear ik dy freegjen. It earste ferske oan ’e A-kant jout al kreas de strekking wer fan myn opskoattele puberale jeugd; Lonely Boy fan Paul Anka. Folge troch I Am A Rock en The Story of my Life, beide fan Simon and Garfunkel, Help me Information en Here Comes That Girl Again fan Elvis, Homeward Bound fan Belafonte, So Close fan ien dy’t Jake Holmes hjit, Nina Mouskouri mei Try To Remember en twa lieten fan in Franz Josef Degenhart.
En dy lêste wie foar my in iepenbiering. In Dútske jurist, skriuwer, dichter, folkssjonger en boppe-al kommunist mei withoefolle albums. Ik skamje my net foar doe al in goede smaak, ek al hie doetiids ik noch gjin inkelde Kroech, Bar of Kneipe fan binnen besjoen. Dizze ha ik trije kear weromspield, de tredde kear stie ik te dûnsjen mei de strykizer yn ’e fûst:
Manchmal des Nachts.
Wenn ich aus meiner Kneipe komm.
im Marschtritt durch die Strassen zieh
oder ich nicht schlafen kann,
trommelnd an meinem Fenster steh
Dann seh' ich die, die Andern,
die vielleicht nicht anders sind.
Sie stehen rum,
wie Tiere vor den Augen der Besucher eines Sonntagzoos
und hören sie den Stiefeltritt der Ordnung, rennen sie gleich los.
Und schimpfen auf die Andern.
Noch trijeentritich bantsjes te gean. Wannear mei ik wer strike, beppe?
Lomme
Reactie plaatsen
Reacties
Geweldige beppe ha jo der in Dutslan