It portrettearjen fan ús beppe. Dat slagget net yn ien kear. Wis, it liket miskien wol aardich yn ferliking mei har foto dy’t ik fan dy krigen, mar har karakter is my net nei’t sin. Der is wat mei it kontrast, mar benammen it smûlwurk (fan it skilderwurk dan) is net wat it wêze moat. Sa’t se oant no ta op it skildersdoek ferskinen is hawwe wy ús beppe echt net kennen. Op dy foto is sy in moaie, ripe frou fan miskien fjirtich jier, mar miskien ek wol fyftich jier. Aldens fyn ik tsjintwurdich mar min yn te skatten, foaral as se jonger binne as ús en dat binne op dit stuit fierwei de measten.
Troch ús beppe ûnder hannen te nimmen om te skilderjen kom ik oars wol moai tichtby de mem fan ús mem. Witst, dit skilderjen fan portretten, dit reprodusearjen fan minsken út de werklikheid, hie ik al folle, folle earder dwaan moatten. Mei myn skilderjen komme geandewei in soad fragen nei boppen. Mar hoe en wêr fyn ik no myn antwurden?
Beppe Anne, karakterfrou fan komsa, dêr’t je in oarloch mei winne kinne. In baas frou, dy’t jierrenlang as baakster yn Ketlik en omkriten wurke hat. Ek ús beiden hat se de wrâld yn kreamheine. No’t ik mei myn pinsieltsjes besykje har op te meitsjen en kleur te jaan, freegje ik my ôf hoe’t krekt dat doetiids tusken ús mem en beppe har beslach krige. Soe mem it wol noflik fûn hawwe dat har eigen behoarlik bazige mem har poppe kreamje soe? Ek doe’t it in ûnferwachts hektyske befalling blike te wêzen om’t datsto der sûnder foaroankundiging ek noch efkes achterwei kaam? No ja, se moatte dat doetiids dochs mar tige betûft oprêden hawwe, of net dan? Hasto der trauma’s oan oer hâlden?
Op de foto fan beppe, dy’t ik hjir boppe de skildersezel fêstspjelde ha, sjoch ik noch gjin tear sitten yn har moaie sêfte hûd. Soe dy foto miskien retûsjearre wêze? Har hûd moat hast wol strak en hurd west hawwe. Se siet bestrûpe yn in striemin houlik en hie faak heechgeande rûzje mei har sûplap fan in keardel. Lokkich of net is hy yn de twadde helte fan de tritiger jierren yn ferhâlding jong stoarn en sjoch dan mar ris as widdofrou alle ballen heech te hâlden en manearje sûnder help fan oaren in buorkerij mei trije tieners troch de swierste krisisjierren en in fierstente lange besettingstiid. It buorkjen einige op in minne dei mei de ferkeap fan fee, ark, reau en grutskens middels in aaklike boelguod. Oer trauma’s sprutsen...
Ik aai it portret gauris, ek as it noch krekt ferve is. Faaks is it dêrom dat der yn beppe’s antlit noch gjin werkenber en oertsjûgjend libjend kontrast sit?
Mei eltse streek groeit myn respekt foar beppe Antje, foar wa’t se wie, foar wat se trochmakke hat. Foaral yn dy ferrekte oarlochsjierren. Dy foarmje no krekt de boarne fan myn fragen. Beppe har suster wenne nammentlik yn Alkmaar en geregeldwei brocht sy har suster molke en tsiis yn útprotsjende fytstassen. Op ’e fyts dus, oer de lange ôfslútdyk altyd tsjin de wyn op, mei oan beide úteinen in checkpoint charlie. No koe men ús beppe lykwols wol deeglik stjoere om in boadskip yn it Dútsk. Lykas sa folle oare Fryske famen hie se in grut part fan har jeugd by boeren yn Dútslân tsjinne. Miskien hawwe sels har âlden ek by Dútske boeren ûnder de kij stien, en beppe sels miskien ek wol. Ik kin it net mear freegje. It moat op de ôfslútdyk by Koarnwertersân west hawwe dat se August kennen learde. August, Dútsk soldaat fansels en ek net de jongste mear. Hoe gie dat? Trof se him dêr faker of koe se him fan earder? Wa wit soks? It skilderwurk bringt my gjin útslútsel. Fier nei de oarloch hat beppe har mei ‘Oom’ August -sa’t wy him letter neamden- yn Emden te wenjen set. Oom August, in pracht fan in man dy’t as skûtmakker hurd wurke op in helling by de haven en ús yn de fyftiger jierren bedjerre mei moai selsmakke boartersguod en Kienzle polsklokjes mei in donkerblau wizerplaatsje. Miskien om de oarloch goed te meitsjen? Hy wie o sa wiis mei ús.
Wy hienen de âlderein earder folle mear freegje moatten, ik alteast. Hasto dat doetiids wol dien?
Jan
Reactie plaatsen
Reacties