Jawis, Louis Leroy… Soe er ea ûlen sjoen ha yn en om syn katedraal oan ’e IJnzeleane yn Mildaam? Soe er ek petear hân ha mei fûgels, of hat er inkeld praten mei beammen?
Myn freonen de ûlen. De hiele simmer net sjoen, sels gjin swymke bewiis fan bestean. Fan ’e winter sieten se fakernôch yn ’e grouwe krystbeam dy’t neist it fytspaad yn ’e tún fan ’e buorlju stiet. As ik oan it skilderjen wie kamen se wolris by my yn it hok om hiele petearen te hâlden, alteast yn myn belibbing en soks fyn ik in hiele ûnderfining. No sitte se der wer: de lytse âlde brune, dy’t sa fûl út ’e hoeke komme kin en syn neefke, de grutte grize mar jongere ûle, dy’t wat yntroverter is. Je soenen sizze wat ha se hjir te sykjen tusken de wennings op ’e grins fan Ald- en Nijhoarne.
‘Heden noch ta, goed jimme wer ris te sjen,’ rop ik.
De beide ûlen, se sizze neat werom. Se sjogge my net iens stean en dat docht in behoarlik bytsje sear. Nochris rop ik, mar wer gjin sjoege fan werkenning. Binne dit dan wol deselde ûlen? Ik ha begrepen dat harren soart oer it generaal net âld wurdt en ik makke my dizze simmer dan ek aardich soargen om harren sûnens.
Teloarsteld pak ik myn pinsielen wer op en griem wat ferve op in doek, de doar lit ik iepen. Tsien tellen letter sitte se ynienen beide op ’e skammel neist my. Ik bliid, mar by it ûlestel fernim ik bepaald gjin blidens. Krekt as binne se wat senuweftich.
‘Ik sei, wy moatte mar by dy âlde prottelman op De Stringen sjen, miskien wol hy ús helpe...’
‘Aha! Hearen, wêr kin ik jim mei fan tsjinst wêze?’
De âlde brune ûle gnysket in bytsje. ‘In tattoo by myn omkesizzer sette.’
‘Spitigernôch gjin tattoos, hearen.’ sis ik, want ik wol oars it ûlefolk o sa graach helpe. ‘Tatoeëarjen is gâns in hiel oare technyk. Ik skilderje.’
‘Sei ik it net,’ seit de omkesizzer tsjin syn maat.
‘Boppedat is it nochal pynlik. Je krasse de inket feitliks ûnder de hûd.’
‘Ahhh... Dat wol ik net!’ kraait de jonge en fladderet nei de doar.
‘Mm,’ brommet omke, ‘skilderje is dochs ek in soarte fan krassen? Lit dy ôfbylding dyt’sto ûnder de fleugel ha wolst, ris sjen oan dit prottelmantsje.’
Dat docht de jonge en ik skrik my in hertkwaal. It is in ôfbylding fan in gefaarlike idioat.
‘Wa wol der yn ’e goedichheid by fol ferstân in tekening fan dy Amerikaanske ymbesyl op ‘e hûd ha?’, rop ik lilk.
De âlde ûle fynt it wat dreech blykber om it út te lizzen. Hy brimmet en himmet en slacht wat mei de wjukken om.
‘Ja sjoch, myn neefke is lêstendeis út ’e ûlekast kaam en fertelde dat er wat gedoente hat mei in mantsjesfûgel.’
‘Gay of net, mar je wolle nea net in ôfbylding fan Trump ûnder de wjukken,’ prottelje ik.
‘Jack fynt it fêst geweldich,’ skriemt de jonge. ‘Please, please!’
‘Jack?’ Frjemde namme foar in ûle.
‘It is in grutte Amerikaanske kealkopearn, better known as the American Bald Eagle,’ seit de âlde ûle.
In kertier letter fleane de ûlen blier fuort de krystbeam yn, de jongste mei in skildere kuif ûnder syn flerk. Foar dy hiele fette Trumpkop hie ik net genôch ferve oer.
Moarn mar wer oare sukkels skilderje.
Jan
Reactie plaatsen
Reacties