Wat is... Wat wie... Wat wêze sil...

Gepubliceerd op 10 december 2024 om 21:33

‘Ien boek foar fiif euro, trije foar in tientsje.’ Ferline wike wie dit it kommersjele kredo by de ôfpriizge boeken yn ’e boekwinkel it doarp fierderop. En nee, der stie net in boek fan dy tusken, wol in nijsgjirrich Hollânsktalich debútboek fan in grif takomstich ferneamde skriuwer yn it Frysk. No kin in winkel yn Nederlân net samar in boek eigenmachtich yn ’e ramsj smite. Dit silsto ek wol witte, wy hawwe ommers in wet op de fêste boekepriis. De priis fan in nij boek wurdt fêststeld troch de útjouwer en alle ferkeapers moatte har dêr op hals en kiel oan hâlde. Nei minimaal twa jier mei de útjouwer de priis lykwols frijjaan en pas dan kin de boekferkeaper sels bepale hokker priis er foar dat boek hawwe wol. Mar wat de skriuwer dêr dan noch oan fertsjinnet? De Volkskrant hie ôfrûne sneon hjir in nijsgjirrich artikel oer. Wist dat fan tachtich prosint fan alle Nederlânsktalige boeken nei in jier minder as hûnderd eksimplaren ferkocht binne? En dat foar fyftich prosint fan de titels nei tsien jier dit noch sa is… Treurich dochs? Boeken yn it Hollânsk, jonge, dat is spek yn ’e hûnenêsten… It is mar goed dat Fryske titels folle better ferkeapje, mei troch de nea folpriizge sutelaksjes op ynstigaasje fan ús Wâldster doarpsgenoat Ferdinand de Jong. Nettsjinsteande dat snap ik no wêrom asto tsjintwurdich sa oan it skilderjen slein bist. Bist mei ien skilderij -foaral yn dyn ferneamd fluchdroegjende akrylferve- folle earder klear as mei in heul boek en boppedat kinst as selsstannich fisuele keunstner hjir sels de priis fan bepale. Mei ien skilderijke fan sis mar twahûndert euro hast al mear fertsjinne as yn tsien jier mei hûndert ferkochte Ale Alemas. Dyn histoarysk Wâldster winterskilderij, bygelyks, op in panieltsje fan 40 by 45, hat in fertroude yntegriteit dat generaasjes lang sa geef as kryt wêze sil. Mar hjir hoech ik dyn skilderwurk net te priizgjen, eins woe ik it ha oer dat bjusterbaarlik boek fan de skriuwer út ’e ramsj dêrt’tst de namme mar better fan ûnthâlde moatst: Jilt Jorritsma. Titel fan it boek: Was. Dat ‘was’ kinst lêze as ‘wat wie’, mar ek as ‘bijewaaks’. It soe wat wêze om dit boek yn in Fryske oersetting in sawat lyksoartich treflike titel meijaan te kinnen.

 

Dy Jilt Jorritsma is deselde Jilt Jorritsma dy’t dit jier in Rely Jorritsmapriis wûn hat mei in pracht fan in koart ferhaal (Boat), dêr’t de sjuery ûnder mear fan seit: ‘Lit Boat him yn ’t earst lêze as in realistysk ferhaal, stadichoan wurdt dúdlik dat de ferteller in absurdyske toan oanslacht mei in serieuze ûndertoan…’. Was is út itselde lape skuord, mar dan folle fernimstiger. It begjint ek frij realistysk mei in jongkeardel dy’t operearre wurde moat oan in grauwe ferstânskies dat notabene oangroeit yn syn mûleboppest (it ‘gehemelte’ yn geef Hollânsk). Der is in aaklike operaasje foar nedich om dat ding mei fûl guod en al fuort te meitsjen. De kies wurdt opstjoerd nei it lab. En dan kriget er de útslach dêr’t it absurde mei begjint… Dizze kies, seit de dokter, is âlder as dy, dizze kies moat earne oars weikommen wêze… Thús blêdet er wat troch âlde foto-albums fan syn ferstoarne mem en kin dan mei wat muoite lêze dat er in plaknamme by stean hat, de Boarn. Hy siket op Google Earth en stelt de koördinaten te boek: 53.00060, 5.67398. Sykje dat sels mar ris op. It absurde komt yn in formidabele streamfersnelling as de haadpersoan oan it begjin fan it twadde skift dêr hinne reizget. Jorritsma wit hiel betûft allerhanne teoryen en fynsten mei inoar yn ferbân te bringen. Hy wevet op sa’n merakelse wize in prachtich logysk web fan yntrigearjende ûntjouwingen dat al it absurde folslein plausibel wurdt. En dat is ek magistrale keunst yn myn eagen.

 

Twa boeken dus foar in tientsje, de tredde der fergees by. It twadde boek dat ik kocht wie in ferhalebondel fan in âlde skriuwer út Switserlân dy’t ik foar it lêst op ’e middelbere skoalle lêzen ha. Mar tinkst no dat ik in tredde boek fine koe dêr’t ik nocht oan hie? De hiele kast ha’k trije kear trochnoaske, mar neat wie my de muoite wurdich en it wie dy dei myn eare tenei om in boek mei te nimmen dat my abslút net noaskje koe, ek al wie it fergees. Wat soesto dwaan yn sa’n situaasje?

 

Lomme

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.