Lêze en genêze

Gepubliceerd op 11 december 2024 om 13:09

Tryst datsto net it folle pûn hellest út blykber in seldsume oanbieding fan poerbêste gratis boeken, ek al binne se dan miskien hielendal dyn smaak net. Moatte wy ús no soargen meitsje om dy? Hast it wer ris te heech yn ’e holle? Moatte wy dy neisjen litte? Of sille wy it der foarearst mar op hâlde dat elk gewoanwei syn eigen smaak en nuvere riten hat? En do hast in pear nuvere fansels. Ik bin der wis fan dat heit him omdraait op of yn syn wolke fan jiskewille fier boppe ús. Dat útrekkene do ús heit syn sunichheid net meikrigen en opheind hast. Witst noch hoe’t er altyd mei in lyts stikje bôle oan it útein fan syn breames it lêste flutsje sjem út it potsje reage? En hoe’t er dan glimkjend sei er dat der noch foar minstens in kwartsje yn siet, sels as er it finaal skjin himmele hie? De man bikte bulten stien dy’t er foar neat fan ’e gemeente dagen oanien op syn âlde bakfyts thúsbrocht hie om sa sunich mooglik in tritich meter lange muorre te mitseljen tusken ús hiem en dy fan de keunstsinnige buorlju mei harren ferrikkewarre samling brûkte krystbeammen. Alle fiif kleuren stealtsjes ferve mong er om de kezinen yn ’e ferve te setten. Us heit, wist noch hoe’t er noait nije klean ha woe en fjirtich jier foar syn dea al sei dat er te âld wie foar in nije keuken en fierstente lang oan syn antike swart-wyt telefyzje hingen bleau en hoe’t er alle griente sels ferboude… Syn hiele hûs sels op syn foardielichst ferboude? En net allinnich sines? En hoe’t er jierrenlang abonnearre wie op sosjalistysk stichtlike útjeften fan de Arbeiderspers? En do, do litst sa’n oanbieding foar in Boek notabene samar sitte… Hast de oarloch net meimakke fansels.

Hiest dochs simpelwei in boek meinimme kinnen foar ien fan dyn freonen of in berneboek foar ien dyn pakesizzers of as presintsje foar de skoalbiblioteek, of in boek om samar yn ien fan de strjittebybkastkes te setten as kompensaasje foar de meuk dy’tst dêr wis, dy kennende, fakernôch út weitôge hast of samar in boek as takomstich kadootsje foar ien fan dyn beide bruorren? Stiest net allinnich yn it libben fansels.

Ast it hert yn it liif hast om fóar my dea te gean dan moat ik op ’e weromreis fan de kremaasje dyn samling oan boeken mar ris bestudearje. Hast dyn malloatige riten en eigensinnige wiisheden ergens wei fansels.

 

Jan

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.