Abstrahearjen

Gepubliceerd op 1 december 2024 om 19:55

Wol ja, stapstiennen...

Om stappen te meitsjen yn myn skilderjen mei oare materialen en nijere techniken kin ik ek wol wat opstapkes brûke. Want it bliuwt sykjen en sjekken, probearjen en pielen. En mar wer op ’e nij begjinne. Wat is dat dochs? De ambysje is der om eat bysûnders te meitsjen. Dan jout in aardich begjin moed op in moai einresultaat, mar dan... Hoe tichter by de ein namste mear twivels der nei bûten sipelje. Mei de ûnderfining komt ek it benearjend witten dat ik noch oeren oan in wurk besteegje kin, mar dat it der nevernoaitnet better op wurde sil. It kreative proses is bepaald gjin lot út in lotterij. Haw ik frustraasjes oer myn beheiningen sa'tsto dy wolris hawwe kinst? Wel nee, eltse nije dei jout ommers nije mooglikheden. Sa sit ik tsjintwurdich op in kursus hielendal yn Akkrum en dat is in machtige stapstien in hiele oare rjochting op. De losse abstrakte toets yn it wurk fan myn kursusliedster anneks skilderes spruts my daliks oan en no’t ik ûnder har betûfte lieding mear abstrakt skilderje, set ik myn wurk sa gau en sa faak net mear oan ’e kant.

In hindernis, sis mar in flinke stroffelstien, dy’t ik op side skoppe moast wie it feit dat der mei akrylferve skildere waard. Trije jier lang ha ik nammers mei oaljeferve wurke, foar myn gefoel wie akryl eat wat foar de bern op in beukerskoalle, mar dat wie in lytse beheining yn myn eigen ûntwikkeling. Akryl kinst machtich moai tsjok oanbringe én is samar droech.It abstrahearjen giet mei grauwere kwasten en lit ik no krekt dêrom foarich jier net nei in kursus yn De Gordyk west ha. Ik pielde doe mei lytse pinsielen tinne streepkes yn realistyske wurken. Neat mis mei en tankber wurk, mar de nije wat rûgere streken passe folle better by my.

Ris sjen oft it my oer in jier noch foldocht. Miskien brûk ik dan wol in biezem en amers fol ferve as nije stapstiennen.

 

Jan

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.