Wat bliuwt der oer as der neat mear falt te dwaan? Krekt, mar wer ris in boek yn ’e hannen nimme. Hjoed it earste boek útlêzen yn ’e Hendrik Groen syklus, Pogingen iets van het leven te maken; het geheime dagboek van Hendrik Groen, 83¼ jaar. Nei myn geëamel oer stive spieren, brike bonken en giel útsleine tosken wie ik der blykber lang om let no ryp foar en pak fan ’e wike dit boek mei út ’e biblioteek. It moat dêr op syn minst al sân jier op ’e planken stien hawwe. Wêrom ha ik der sa lang wachte mei dit boek te lêzen? Ik tink dat it maffe wurdsje ‘geheim’ en dat puberale ‘trijentachtich en in fearns jier’ my oant no ta tsjinhâlden hawwe, as in flauwe imitaasje fan de searje ‘geheime’ deiboeken fan Adrian Mole (13 en trije fearns jier âld), dat yn ’e tachtiger jierren yn Ingelân in allemachtige bestseller wie. Ik hie gewoan gjin fidúsje yn dizze mallichheid. No pas hear ik dat in soad minsken om my hinne dit boek al folle earder lêzen hawwe en mei in soad nocht. Of se hawwe de films sjoen op telefyzje, mei dy healbakken komyk André van Duin yn ien fan ’e haadrollen.
En wat in wille is dit boek. Tragikomyske proaza optima forma, fan it begjin oant it ein. Wat noch wichtiger is, hoe werkenber. En ik bin noch mar twaensantich jier. En ien wike. Earne beskriuwt Groen hoe’tst op dizze âldens oppasse moast datst dysels net te faak weimoffelest achter de gerania. Passiviteit is de dea yn ’e kleankast, de ein fan it ferhaal. Bist foar de dea opskreaun ast dy al berêst yn dyn eigen lamliddigens. Dat yn alle folgjende blogs gjin geëamel mear oer mooglik fysyk ûngemak.
Alee, wy moatte ússels opfleure. Der op út, mei de rollator of de Kanta of de Defender. Swiere en swaaie fan flaeijelfeest oant karnaval en tuskentiids ús oanmelde by de AldMarNetDea Klub. As se ús dêr net hawwe wolle, moatte wy beiden sels mar sa’n klupke opstarte.
Moandei mar ris in fleurige urn útsykje en dan in aardige groepskoarting betingje.
Lomme
Reactie plaatsen
Reacties