Twamansblogje

Gepubliceerd op 21 september 2024 om 20:24

‘It bout op mei ferfal,’ seist. Twaensantich en blinders, de spieren wurde stiver, de bonken briker en de nije tosken gieler. Hasto dat no ek, dat der hieltyd mear krommels en triedsjes fleis tusken de kiezzen efter bliuwe? Hast alle twa wiken moat der wer in nij pakje toskpluzers op ’e tafel komme. En dat binne allinnich noch mar de fysike beslommeringen. Slimmer is dat de wrâld om ús hinne sa fluch feroaret dat wy it amper bysloffe kinne. Hoefolle tiid ik wol net nedich ha om myn fokus alle kearen op ’e nij foar it fizier te krijen, fan wennen oan in nije ôfstânsbetsjinning oant it oanlûken fan ’e sokken en it lêzen fan ’e krante. Ek al hat sawol de Ljouwerter as de Haarlimmer tsjintwurdich net folle mear om ’e hakken as it opheljen fan âldsear en it útsuteljen fan nijmoadrige fratsen.

Mar litte wy, do en ik, it dêr dan by sitte? Dogge wy der wat oan? Jouwe wy ús mei de kop yn it sân oer oan dat ûnwjerlisber ferfelend ferfal? Of sette wy yn ús gefal de bêste blommen noch efkes bûten en bouwe wy noch in eigen stand op út eigen beurs? Wat seist? De holle sa lang mooglik boppe it wetter hâlde! Nee, better as dat. Wy moatte de koppen boppe it meanfjild útstekke, en wol sa heech dat wy noch in hiel skoft inoar as noflike nêstbeskermers ynfluence kinne. Sûnder sponsors en sûnder lêzers sil der dan gjin negoasje yn sitte, dat is sa, mar kinne wy wol mei faasje moai de tsjinstridichheden fan ús ferfal op ús twamansblogje oan inoar spegelje en yn fertroulik perspektyf pleatse. Allee!

Lomme.

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.