De ... net sein

Gepubliceerd op 8 oktober 2024 om 20:05

Dêr moatsto mei ophâlde, Lomme. Brûk dat wurd net! Moatst it net oproppe.  Nevernoait net. No kin ik my oars dyn nijste foby (of hobby?) oer dyn psychysk en fysysk ferfal wol in bytsje yntinke, dyn biberens en spanning, bekommernis en benaudens, eangsten en bangens en panyk en al soks sa mear. It is ommers algemien bekend dat de twadberne fan in twilling meastal no ien kear net de sterkste is. Op it stuit dat ik fan ús beiden mei sûnreade wangen de njoggenennjoggentich oantikje, dan hasto minstens de fiifennjoggentich bestippe. Dus wêr giet dit oer, jonge? By dy wei sette, blinders. It is inkeld in banaal wurdsje fan mar trije letters; de eangst foar dit fenomeen kinne en moatte wy net earnstich nimme. Dan binne der wol oare plakken op ‘e wrâld dêr’t de need heger of slimmer en dreger is.

It iennichste dêr’t wy it foar brûke meie is yn de humor. Dêr hawwe wy neat tefolle fan.

 

In pear dagen sitte wy al wer djip down ûnder yn it Limburchske, yn in kreas appartemint achter in bungalow oan de bûtenrâne fan in  lyts doarpke. Nei’t ik de tekst fan dyn lêste kollum lêzen hie oer dyn imazjinêr deprimearjend deatinken stienen wy bûten by de bungalow noch efkes te praten mei Oxanna, de eigeneres fan ús appartemintsje. Dy frou, in Oekraynske dy’t hjir 20 jier lyn de leafde fûn, wie aardich fleurich. Mei har mem en har suske mei bern hienen se dizze snein o sa moai niis te kuierjen west nei Vaals. It praat kaam doe op har man. Dy hie in kabrio, wie aardich âlder dan Oxanne. Dy man dan. Fytse hie er in grau oan en kuierjen noch folle mear. Ynienen begûn Oxanna doe te praten oer har twadde helte yn de ferline tiid.

‘Mar jo man...?’ frege Sjoeke, meastentiids wat skerper as ik yn bepaalde gefallen. Wy hienen ek noch net in manspersoan sjoen by de platte wenning en in kabrio allikemin.

‘Mijn man is veertien dagen geleden overgeleden, hersenbloeding. Toen ik kwam thuis stond hij te dansen in de kamer. Ik vroeg: Wat doe je? Heb je weer teveel gedronken? Maar hij zei dat hij zo’n stekende hoofdpijn had. Even later zakte hij uit de stoel waar ik hem had in gezet. Ik heb een-een-drie gebeld, maar in het ziekenhuis konden ze niets meer voor hem doen. Een week geleden hebben wij hem begraven.’

‘O, wat verschrikkelijk!’

‘Ja, maar hij zou een kastplant zijn gebleven...’

 

Wolst witte dat ik benei de hiele jûn wat fan slach west ha? Net dat ik yn har platte wenning Oxanna oan it dûnsjen sjoen ha, mar ik krige al it idee dat dy trije letters soms ek treast of wat ferromming en fleurigens teweibringe kinne.

Sjoch, dat woe ik dy dochs mar eefkes witte litte. Moarn wer op hûs oan.

Jan

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.