Pronkfûgels

Gepubliceerd op 31 juli 2024 om 08:29

It is net dat ik in foeterjende âldman wurden bin, hielendal net, mar der is wer wat dêr’t ik my bot oan ergerje. Juster mei de auto nei de garaazje west en no al in mailtsje mei in fraach oer hoe tefreden oft ik oer it wurk dêr bin. Se wolle dêr o sa graach in tsien as sifer. Wat is dat no foar in ûnbeskamme fraach? Yn dit lân fan gewoan dwaan en foar jins wurd stean raast soks foar my oan ’e protters. Fansels, de garaazje hat it wurk netsjes ôfhannele, mar wachtsje it oardiel moai yn nederichheid ôf, soe ik sizze. Lit de klant sels op eigen gelegenheid oan ’e klok hingje dat der by Haaima Hylkema faklju wurkje dy’t de hannen wis net dwers oan it liif sitte, mar skoai by my net sa batsk om komplimintsjes.

‘Tsjonge, wat sjogge jo dreech hjoed. Is der wat te rêden?’
It is de jonge grize ûle dy’t my tasprekt út de krystbeam fan de buorlju wei, oan de oare kant fan it fytspaad. Moai dat dy ûlen dêr wer sitte, dat se nijsgjirrich binne en dat ik myn argewaasje mei harren diele kin. Ik fertel wat my dwers sit en dat it net samar in útsûndering is, want omtrint by alle bestellingen of aktiviteiten op ynternet biddelje se tsjintwurdich domdryst om ferbale opstutsen tomkes.

In tûke heger sit de âlde brune. Hy is wekker en wol der wol wat oer kwyt. ‘Amerikaanske arrogânsje, it sit al oeral yn ús dwaan en litten, lykas dat Roundupguod, it PFAS yn ús wetter en it fynstof op ’e blomkoal. Net yn meigean.’

De jonge grize ûle is it der blykber net mei iens.
‘Wat wie dêr no wer mis mei? Wêrom meie dy bedriuwen net deagewoan freegje om in miening, fiskje nei in komplimintsje? Wolle wy allegearre net graach in fear yn ’t gat krije?’
‘Soks dogge en wolle wy net!’, seit de âlde brune en stampt mei de poaten op ’e tûke.
‘Fyn ik ek,’ sis ik.
‘Nee, fansels net, soks dogge jimme net. Jimme generaasje hâldt de kop tusken de skouders, trochgean en net omsjen, net freegje of it oars kin of moat, fêstrustke oan tradysjes, want spûkbang foar feroaringen, wat sa wie moat sa bliuwe …’
‘Krekt!’ seit de âlde brune.
‘Doch dyn plicht en lit de rju mar rabje’, bring ik yn, want sa stie it sûnt minskeheugenis by ús âlden te lêzen op ien fan de buordsjes boppe de skoarstienmantel.

De jonge grize ûle rint read oan. ‘It giet net allinne om in sifer, se wolle ek witte wat better of oars kin en dêr leare se fan.’
‘Leaust dat sels?’, prottelet de brune. ‘Se wolle inkeld in opstutsen tomke om mei te pronkjen op ynternet.’
‘Tink ik ek,’ sis ik, ‘en trouwens: wat witte wy oer de wurkwize fan in garaazjebedriuw of in webshop, dêr kin ik dochs in oarenien net yn advisearje?’

De jonge ûle hat noch wat weistoppe argewaasje en sjocht nei de âlde brune ûle.
Jo ha my noch nea in komplimintsje jûn. Noch nea!’
Hy slacht mei beide flerken en komt in setsje los fan de beam.

De âlde wit efkes net hoe’t er it hat.
‘Dat is net wier, ‘stammeret er. ‘No ja … Nee, dat doch ik miskien wol te min. Ja, nee … Juster … Justermoarn ha ik dochs noch sein: “Wat hast moai waar foar ús besteld!” Haw ik sein …, of net dan?’

De jonge stekt in middelfinger op en sjocht teloarsteld. Ik skrabje my it ûnthâld, want ha iksels ea in komplimintsje útdield?
Foar’t ik it atelier yn slofkje stek ik de hân op nei beide fûgels.
‘Tank foar jimme earlike reaksje, jimme binne wiswier in gouden stel. In tsjokke tsien foar oprjochtens.’

No ja, it like op tegeltsjewiisheid mei blêdgoud, sa’t ik it sei. Mar it komt oprjocht út in hert dat mei it jier tradisjoneler tikket.


Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.